Gjin ûntslaggen by NUON

NUON
Enerzjybedriuw Nuon bliuwt der oant 2017 wis fan dat dêr gjin ûntslaggen falle. Dat is it gefolch fan in oant no ta geheim hâlden ôfspraak mei it Sweedske memmebedriuw Vattenvall. In âld topman fan it bedriuw seit dat yn in grutte Sweedske krante. De man wie yn 2009 topman fan Nuon, doe't de oername troch Vattenvall spile.
Hy hat sels de ôfspraak tekene mei de Nederlânske gemeenten en provinsjes dy't mei-eigener wiene fan NUON. Vattenvall hat tasein dat it NUON-haadkantoar en de regionale kantoaren yn Nederlân oant 2017 bûten skot bliuwe.