Harnzer partijen fusearje

25 apr 2013 - 09:44

De fraksjes fan Harlinger Belang en de Lijst Soolsma yn de ried fan Harns geane tegearre fierder. Fraksjelid Soolsma slút har oan by Harlinger Belang, dy't dan trije sitten hat. De partij wurdt dêrmei de twadde partij, nei de PvdA en fanwege de ôfwêzigens fan de fraksje fan Frisse Wind.

Harlinger Belang hat al sûnt de oprjochting fan de Lijst Soolsma in goed kontakt mei dy fraksje. De ôfrûne tiid wiene de gearkomsten ek al mienskiplik. Oansluting fan frou Soolsma bij Harlinger Belang is dêrmei in logyske stap, neffens beide partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)