'Fryslân tsjin natuerakkoart'

© Omrop Fryslân
Fryslân sjocht sa't it no liket neat yn it natuerakkoart fan steatssekretaris Bleker. Hy wol dat de provinsjes ferantwurdlik wurde foar natuerbehear. Earder foel it ûnder it ryk. De provinsjes krije dêrfoar folle minder jild as it ryk dêr no foar útlûkt. Dêrom is in mearderheid fan provinsjale steaten yn Fryslân net foar.
Provinsjale steaten stimme woansdei definityf oer it nije natuerakkoart. Earder stimden Grinslân en Brabân al tsjin.
Bleker woe it natuerakkoart yn earste ynstânsje allinnich ynfiere as alle tolve provinsjes foar stimden. Neidat Grinslân en Brabân 'nee' sein hiene, kaam Bleker dêrop werom. Hy wol no earst ôfwachtsje wat alle oare provinsjes beslute.