Feroarings by Caparis

21 des 2011 - 10:19

Caparis sil yn de takomst mooglik wer wurkje lykas earder, mei minsken yn in beskerme omjouwing. De gemeente Ljouwert hat tiisdei praat oer de takomstfyzje op de sosjale wurkfoarsjenning. Caparis is in gearwurkingsferbân fan acht gemeenten. Der wiene de lêste jierren grutte jildproblemen.

Mei de ynfiering fan de nije wet Wurkje nei Fermogen feroaret der in soad. De sosjale wurkfoarsjennings moatte plannen meitsje foar de takomst. De kommende tiid prate alle dielnimmende gemeenten oer de takomst fan Caparis.

Trefwurden: 
Caparis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)