Boarnsterhim stelt beslút út

21 des 2011 - 07:51

De gemeenteried fan Boarnsterhim wol him no noch net útsprekke oer de hannelswize fan âld-wethâlder Jenny Bouma. Tiisdeitejûn ha se besluten it ûnderwerp oan te hâlden en der yn jannewaris in beslút oer te nimmen. BING, it Bureau Integriteit Nederlandse Gemeenten, seit yn in rapport dat âld-wethâlder Jenny Bouma har skuldich makke hat oan belangeferstrengeling. Har man hie saaklike belangen by in kavel yn Eagum, wylst sy romtlike oardering yn portefúlje hie.

In tal fraksjes yn de ried woe de saak rêste litte, mar de ried hat úteinlik besletten de saak oan te hâlden oant jannewaris en der dan wer oer te praten, ek omdat de measte riedsleden net folle tiid hiene om it rapport goed te bestudearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)