Weening knapt op nei falpartij

Pieter Weening herstelt goed fan syn blessuere. In pear wike lyn foel hy fan syn fyts en kaam hy pynlik op dy fyts telâne, mar it giet no al wer in stik better. Weening sil ein febrewaris begjinne mei in pear koersen yn Europa. Hy is no yn Australië. Jierrenlang ried Weening foar de Rabobankploech, no foar de nije Australyske ploech GreenEdge. Syn earste wedstriden binne op Sardinië, yn Kataloanië en yn Baskelân.