Fryslân koe nea Haadstêd wurde

20 des 2011 - 21:59

Fryslân hat as provinsje nea in kâns makke om Kulturele Haadstêd te wurden. Dat seit Ann Branch, haad fan it kultureel programma fan de Europeeske kommisje. Branch begrypt wol dat Fryslân it besocht hat, want de regels binne somtiden yngewikkeld. Mar, sa seit Branch, alle kandidaten ha kear op kear te hearren krigen dat allinnich in stêd kandidaat wêze kin.

Deputearre Jannewietske de Vries wie derfan oertsjûge dat Fryslân wol kandidaat wêze mocht. Dêrtroch is in protte tiid ferlern gien foar de kandidaatstelling. Pas yn septimber hat de provinsje Ljouwert frege kandidaat te wêzen.

Trefwurden: 
KH2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)