Mooglik Fries skieds op EK

20 des 2011 - 19:57

Erwin Zeinstra fan Dronryp makket kâns om takom jier op te treden as assistint-skiedsrjochter by it EK fuotbal yn Poalen en Oekraïne. Zeinstra flagget dit seizoen in soad wedstriden by skiedsrjochter Björn Kuipers. No't it Europeeske fuotbalbûn Kuipers oansteld hat as skiedsrjochter by it EK, makket ek Zeinstra mear kâns. As assistint fan Björn Kuipers hat Erwin Zeinstra dit seizoen belangrike ynternasjonale wedstriden laat. Sa stiene beide manlju op it fjild by de supercup-wedstriid Barcelona-Porto en by de Champions League-duels Bayern München-Napoli en Trabzonspor-Lille.

Erwin Zeinstra wie dêrneist noch assistint-skiedsrjochter by it WK onder 17 jier, tusken Meksiko en Oerûguay, yn july fan dit jier. Zeinstra sels tinkt dat de Nederlânske assistinten fan Kuipers yn jannewaris oanwiisd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)