Gambiaanske gast noch fermist

20 des 2011 - 19:30

Der is noch gjin spoar fûn fan de 40-jierrige Samuel Charley út Gambia. De man wie útfanhûs by in hûshâlding yn Burgum en is no al in wike fuort. De Gambiaan hie sein dat hy in eintsje hurddrave soe, mar kaam hielendal net werom. Alle publisiteit yn de media en oanjefte by de plysje hat oant no ta neat opsmiten. De minsken út Burgum, dêr't de Gambiaanske man útfanhûs wie, tinke dat hy yn it bûtenlân sit.

Trefwurden: 
Gambiaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)