'Elkien net út doarpkes wei'

Opsterlân docht mei klam in berop op wenningkorporaasje Elkien om ek yn de takomst gear te wurkjen oan it leefber en fitaal hâlden fan doarpen yn de gemeente. Wethâlder De Boer wie bot fernuvere oer it berjocht dat Elkien besunigje sil en kritysker sjocht nei projekten yn lytse doarpen. De gemeente krige dêroer al fragen fan ferskate doarpsbelangen.
Al wat langer praat Opsterlân mei Elkien en WoonFriesland oer takomstige wenningprojekten. De Boer ferwachtet yn jannewaris mei de twa korporaasjes prestaasje-ôfspraken te meitsjen.