Jild foar swimbad Nij Beets

20 des 2011 - 16:28

De gemeente Opsterlân stipet it swimbad fan Nij Beets mei in bydrage fan 7500 euro om enerzjybesparjende maatregels te nimmen. De stifting De Blauwe Kamp wol mei sinnepanielen de enerzjykosten flink drukke. Op dy manier kin it bad ek yn de takomst bestean bliuwe.

De enerzjykosten drukke no swier op de begrutting. De oanskaf en montaazje fan sinnepanielen wurde rûzd op 95.000 euro.

Trefwurden: 
swimbad Nij Beets
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)