De Knegt en Vos winne S-kros

20 des 2011 - 16:17

Gerben de Knegt hat de santjinde Sintrumkros yn Surhústerfean wûn. De Knegt kaam solo oer de streek. Tijmen Eising waard twadde, âld-wrâldkampioen Lars Boom einige as tredde. Troch de rein en de stoarm waard it in swiere wedstriid.

By de froulju gie de winst nei Marianne Vos. Se bleau de Ingelse Helen Wyman en de Nederlânse Reza Hormes foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)