Skip ferliest hout op Noardsee

20 des 2011 - 15:14

In skip fan de Bahama's hat earder tiisdeitemiddei pakketten hout ferlern op de Noardsee. Dat barde 27 kilometer noardwestlik fan Skylge. It giet om 45 pakketten mei hout. In twadde skip hat op folle see twa steancaravans ferlern dy't oan dek stiene..

In fleantúch fan de Kustwacht sil tiisdeitemiddei it hout sykje. De Kustwacht wol sa yn kaart bringe wêr't it krekt driuwt en oft de skipfeart gefaar rint.

Trefwurden: 
hout Bahama's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)