Nije boat EVT hast klear

20 des 2011 - 15:02

De Eigen Veerdienst Terschelling leit de kommende wiken de lêste hân oan de nije eigen oerfarder De Spathoek. Yn maart moat de boat farre tusken Harns en Skylge. Under de namme Schleswig-Holstein hat de boat 22 jier yn it Dútske Waadgebiet fearn. Der kinne 970 passazjiers en 45 auto's op.

De boat hat sawat in jier foar de wâl lein. Neffens de EVT om 't se oan `idioate' feiligenseasken foldwaan moatte.

De EVT kocht de boat yn febrewaris fan dit jier foar 2,6 miljoen euro. Fan juny ôf soe er offisjeel ynset wurde. Mar de ynspeksje fûn dat de EVT net oan de feiligenseasken foldie. Sa moat der ûnder oare foar goed in heal miljoen euro in evakuaasjesysteem yn set wurde. De ôfrûne moannen is der al hiel wat ferspikere yn De Spathoek. Der is in nagelnije keuken yn kaam en de motor is ek wer hielendal by de tiid. Ein maart kinne de earste passazjiers oan board. Derfoar sil De Spathoek ek al ynset wurde as frachtskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)