Bollekop nei lânboumuseum

20 des 2011 - 12:09

De kop fan in ferneamde Fryske bolle krijt in plakje yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld. It giet om Adema's Atleet dy't sjoen wurdt as de grûnlizzer fan de melkfleistypyske ko. It bist waard yn 1929 berne yn Hartwert en hat tolve jier foar neiteam soarge. Yn 1943 waard er ôfmakke. Syn kop, mei in gewicht fan 100 kilo, gie nei de Universiteit fan Wageningen.

It gebou dêr't er hong wurdt no sletten en dêrom moast der nij plak komme. Dat is no fûn yn it lânboumuseum. Dêr is de bollekop yn de krystfakânsje foar it earst te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)