Aldjiersstunt mislearre

© Omrop Fryslân
De stunt fan âldjiersferiening De Folgeren yn Drachten is mislearre. Se waarden moandeitenacht trapearre doe't se by it Provinsjehûs yn Ljouwert it skyld fan de gevel ôfhelje soene. De plysje wie warskôge dat der wat by it Provinsjehûs te rêden wie. Doe't de plysjes dêr kamen, seagen se in oanhingwein stean mei in stelleaazje derop. Dêr stiene guonts op om it provinsjeskyld los te skroevjen.
De leden fan de âldjiersferiening hawwe de plysje noch frege oft se trochgean mochten mei de stunt, mar dat mocht net. Se moasten it skyld wer fêstsette.