Drugsdealer ferkeapet oan bern

20 des 2011 - 11:07

Op De Harkema is in man fan 21 oanhâlden fanwege de hannel yn drugs. De plysje hie klachten fan âlden krigen dat de man drugs ferkocht oan harren bern. Guon dêrfan wiene noch mar trettjin jier.

De plysje krige ek sinjalen dat der harddrugs útprobearre waarden. De hannel spile him ôf yn Surhústerfean en omkriten. De fertochte sit fêst op it buro. De plysje seit dat der noch mear minsken oppakt wurde sille, omdat de fertochte net allinne operearre.

Trefwurden: 
drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)