'Nijbou gjin Thialf neame'

20 des 2011 - 10:09

De steatefraksje fan de PVV fynt dat iisstadion Thialf op It Hearrenfean in nije namme krije moatte as de nijbou by it Abe Lenstrastadion trochgiet. Der moat keazen wurde foar in mear ynternasjonaal oansprekkende namme, lykas Speed Skate Drome Fryslân.

Mei sa'n namme kin tagelyk de provinsje promoat wurde, seit de PVV. Boppedat soarget in nije namme derfoar dat der in streek set wurdt ûnder de skiednis. It iisstadion gie ferskate kearen fallyt. De PVV-fraksje wol in priisfraach hâlde foar de orizjineelste namme.

Trefwurden: 
PVV Thialf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)