'Heech stjertesifer fertekene'

20 des 2011 - 09:59
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is kjel wurden fan it stjertesifer fan ferline jier. Ut lanlik ûndersyk docht bliken dat dat omheech gien is neffens de jierren dêrfoar. It leit boppe it lanlik trochsneed. Yn ferliking mei oare sikehûzen yn Fryslân leit it flink heger.
Ut eigen ûndersyk nei de oarsaak fan it hege sifer docht bliken dat de registraasje fan de deadsoarsaken better kin. As saken better op papier stean, kin it stjertesifer nei ûnderen bysteld wurde, sa ferwachtet Nij Smellinghe.

Neffens Nij Smellinghe is it hege stjertesifer gjin reden om te tinken dat de soarch net goed is. It sikehûs foldocht oan alle kwaliteitseasken.

It ûndersyk is basearre op it ferwachte tal stjergefallen en de echte stjergefallen. Is dat 100, dan is foldocht de werklikheid oan de ferwachtings. By in getal ûnder de 100 binne der minder stjergefallen as ferwachte. By in getal boppe de 100 leit it tal echte stjergefallen heger as ferwachte. De Sionsberg yn Dokkum leit mei 73 fier ûnder de 100, dan folget it Sint Antonius yn Snits mei 88, De Tsjongerskâns op It Hearrenfean mei 93, it MCL yn Ljouwert mei 106 en Nij Smellinghe mei 123.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)