Steaten iens oer NUON-jild

24 apr 2013 - 20:11

Provinsjale steaten hawwe yn grutte mearderheid ynstimd mei it stekken fan 300 miljoen euro NUON-jild yn de Fryske ekonomy. De plannen fan it kolleezje krigen úteinliks de stipe fan hast alle partijen. Allinnich GrienLinks wie net foar. Neffens dy partij sitte yn it útstel te folle iepen einen. Sa is noch net bepaald wêr't it jild hinne moat.

No't de steaten akkoart gien binne mei de 300 miljoen, wurdt yn juny bepaald hokker projekten as earste kâns meitsje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)