Jild foar nij Kolleksjesintrum

24 apr 2013 - 16:35

Frysk kultureel en histoarysk erfgoed sil yn in nij te bouwen Kolleksjesintrum Fryslân bewarre wurde. De provinsje stelt goed 7 miljoen euro beskikber foar de bou en it ûnderhâld foar 10 jier. Yn dit sintrum kinne Fries Museum, Fries Landbouwmuseum, Fries Scheepvaartmuseum, Natuurmuseum Fryslân en Tresoar har kolleksjes duorsum opslaan en beheare.

It is noch net bekend wêr't it sintrum komt. Ut ûndersyk die bliken dat it ferbouwen fan besteande gebouwen te djoer wie en dat nijbou de bêste opsje is. Oer in pear jier moat it klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)