'Jild nei fuortset ûnderwiis'

Fryske skoallen foar fuortset ûnderwiis soene stipe en jild krije moatte fan de provinsje Fryslân om de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferbetterjen. Dat seit Frits Hoekstra, direkteur fan it Bornego College op It Hearrenfean en foarsitter fan de ûnderwiisgroep Fricolore. Hy regearret op it jierferslach fan de ûnderwiisynspeksje. Basisûnderwiis hat dy stipe wol hân. In fyfde fan de opliedings is swak. Ek wurdt konstatearre dat dosinten en learlingen net ambisjeus genôch binne.