'Net fernuvere oer oardiel'

It Algemien Underwiisfakbûn is net fernuvere dat in fyfde fan de opliedings yn it Frysk fuortset ûnderwiis as swak beoardiele wurdt. De ûnderwiisynspeksje skriuwt dat. De kosten foar bygelyks personiel en enerzjy rinne op wêrtroch't der folle minder jild is foar kwaliteitsferbettering. It fakbûn wol dat de oerheid skoallen kompensearret foar de hege kosten, troch in leger btw-taryf op enerzjyferbrûk. De ynspeksje ropt skoalbestjoeren op har mear dwaande te hâlden mei it ûnderwiis. It bûn hopet dat bestjoerders dit ek dogge.