Readsturt op webcam te folgjen

24 apr 2013 - 14:29
  • Readsturtsje
  • Fûgelkastke

De readsturtsjes yn de tún fan kabaretjêre Lenie Dykstra yn Noardburgum wurde ferneamd. Se sille te sjen wêze fia de webside www.beleefdelente.nl fan de Fûgelbeskerming. Op dy side wurde de hiele maaitiid de nêsten fan acht fûgels folge fia de webcam. Ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wymenga sil de webcam tongersdei pleatse. It makket diel út fan in grutter ûndersyk nei it readsturtsje. It is noch mar de fraach oft de fûgel it nêstkastke brûke sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)