Kollum wol rekôr mei ballonnen

24 apr 2013 - 13:55

Kollum wol it wrâldrekôr langste ballonne-lint hawwe. Dat rekôr leit no yn Yndia mei 200.000 ballonnen oer 20 kilometer. Kollum wol in lint meitsje fan 25 kilometer mei 250.000 ballonnen. Yn maart betocht de organisaasje fan de Kollumer Katdagen dit rekôr. Se wolle it doarpsfeest dêrmei iepenje. De organisaasje hat 25 rayonhaden oansteld dy't ferantwurdlik binne foar de ballonnen yn har eigen buert. Tongersdei wurde alle ballonnen ophongen yn it doarp. De jûns komt in sjuery del om te mjitten oft der
in nij rekôr is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)