Ljouwert-promoasje provinsjaal

Marketing Leeuwarden
De promoasje fan Ljouwert wurdt ûnderdiel fan de provinsjale citymarketing. De besteande organisaasjes Marketing Leeuwarden hâldt op te bestean. In mearderheid fan de gemeenteried fan Ljouwert stimde dêr moandei mei yn.
Marketing Leeuwarden fersoarget sûnt 1998 de stedsmarketing mei stipe fan de gemeente en de Ljouwerter ûndernimmers. De provinsje en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland hawwe subsydzje jûn. De gemeente wol de stedsmarketing fan 2012 ôf oars oanpakke en hâldt dêrom op mei it jaan fan subsydzje.