Lyk fûn yn wetter Frjentsjer

24 apr 2013 - 11:02

Yn it wetter by skipswerf Talsma oan de Edisonstrjitte yn Frjentsjer is woansdeitemoarn it lichem fan in man út it wetter helle. De plysje is der sa goed as wis fan dat it giet om Harm Jan van Dijk dy't sûnt ein maart fermist waard. Rêdingstsjinsten ha it lyk út it wetter helle. Derby binne dûkers fan de brânwacht ynset. Van Dijk is troch ferdrinking om it libben kaam, de plysje slút in misdriuw út. De man kaam 20 maart net werom by de ynstelling fan de GGZ yn Frjentsjer dêr't er behannele waard. Earder is ek mei in helikopter nei him socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)