Steaten bypraat oer nij Thialf

24 apr 2013 - 10:55

De provinsje freget in bydrage fan 20 miljoen euro fan it ryk en fan 11 miljoen euro fan merkpartijen by de realisaasje fan in nij Thialf. Deputearre Konst hat de steateleden dêr foar de steategearkomste fan woansdei oer bypraat. It nije Thialf moat 81 miljoen euro kostje. De provinsje hat al 50 miljoen euro tasein. Konst melde ek dat Aegon en Essent net meibetelje oan it nije Thialf. Moandei is de deadline dat de provinsje it bidbook ynleverje moat by de KNSB en it NOC/NSF. Op 28 maaie wurdt dúdlik oft it nije Thiald de topsportstatus krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)