Mear bellers foar Sensoor

24 apr 2013 - 10:39

Mear minsken belje mei Sensoor Fryslân. De frijwilligers fan de telefoanyske helptsjinst ha foarich jier 1950 petearen fierd. Dat is 400 meer as yn 2011. Minsken belje om't se har iensum fiele, prate wolle oer relaasjeproblemen of yn swier waar sitte trochdat se har baan ferlieze troch sykte of de ekonomyske krisis. Sensoor wurket oan har bekendheid. Yn Ljouwert wurdt yn de etalaazje fan in leechsteand winkelgebou yn de Oude Doelesteeg promoasje makke foar de helptsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)