Fuortset ûnderwiis moat better

24 apr 2013 - 10:23

In fyfde part fan de opliedings yn it fuortset ûnderwiis of mbo yn Fryslân stiet bekend as 'swak', blykt út sifers fan de ûnderwiisynspeksje. Yn Fryslân giet it om 19,4 persint yn 2012, dat is in bytsje better as yn 2011, doe wie it noch 21,7 persint.

It tal swakke basisskoallen yn Fryslân is yn 2012 minder wurden as it jier dêrfoar. No binne der 19 swakke basisskoallen, yn 2011 wiene dat der noch 21. Yn 2011 wiene der noch fjouwer basisskoallen yn Fryslân 'hiel swak'. No is dat noch ien: basisskoalle Yn de Mande op Skiermûntseach.

Yn Nederlân binne, ferlike mei it bûtenlân, te min bern dy't hiel goed of eksellint prestearje. De Nederlânske ambysje om ta de top fan de kennis-ekonomyen te hearren, wurdt sa net helle. De ûnderwiisynspeksje wiist der op dat fierdere profesjonalisearring fan leararen nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)