Alve stêden yn 4 dagen befytse

Fytspaad © ANP
It Fytsersbûn organisearret mei Friesland Beweegt de alvestêde-fytsfjouwerdaachse. De tocht is foar minsken dy't de alvestêdetocht net yn ien dei ôflizze kinne of wolle. Njonken de alve stêden wurdt ek in part fan de tocht troch de Fryske wâlden fytst. Op ien dei is de maksimale ôfstân 80 kilometer. De start is op 1 augustus. De organisatoaren hawwe mei de tocht as doel om Fryslân yn beweging te krijen.