Rappe Snitser beboete
In 49-jierrige automobilist út Snits is tiisdeitemiddei oanhâlden by Wurdum. Hy ried oer de N32 dêr't fanwegen wurksumheden net hurder as 70 kilometer yn de oere riden wurde mei. De Snitser hie 128 op de teller. Syn rydbewiis is ynnommen en hy krijt in proses-ferbaal.