Crowdfunding foar Van Althuis

24 apr 2013 - 08:31

Museum Belvédère yn Oranjewâld hopet fia crowdfunding in skilderij oan te keapjen fan de Hearrenfeanster skilder Willem van Althuis. It giet om it skilderij 'Bruggetje over de Linde', dat 6500 euro kostje moat. Direkteur Han Steenbruggen freget elkenien dy't him belutsen fielt by it museum by te dragen foar de oankeap fan dit, neffens him, 'voortreffelijke schilderij'.

Fan 14 juny ôf is der yn Museum Belvédère in grutte oersichtstentoanstelling fan it wurk fan Willem van Althuis en dan is it de bedoeling dat ek 'Bruggetje over de Linde' der tusken hinget. Alle donateurs krije in útnoeging foar de eksposysje en in rûnlieding fan de direkteur. Der moat 6.500 euro komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)