Aksje polityk biblioteken SWF

Boeken biblioteek © ANP XTRA
De PvdA, CDA, VVD en D66 yn de gemeente Súdwest-Fryslân komme yn aksje yn ferbân mei de besunigings op it biblioteekwurk yn de gemeente. B. en w. fan Súdwest-Fryslân wolle fjouwer ton besunigje op it biblioteekwurk. Dêrmei giet de biblioteek yn Makkum ticht. De biblioteektsjinst yn Súdwest-Fryslân hat in alternatyf ûntwikkele en dat hat de foarkar fan de fjouwer politike partijen. Dit senario soe sels in besparring fan rom trije ton opsmite.
Sa is bygelyks it behâld fan de moderne biblioteek yn Makkum fan grut belang en de omfoarming fan de biblioteken yn Warkum, Boalsert en Snits ta kultuerhuzen. Yn de lytse kearnen wurdt yn it alternatyf fan de biblioteken prioriteit jûn oan de jongerein troch skoalbiblioteken te realisearjen en der is plak foar besoarging fan boeken oan hûs.