Ried wer teset oer Europaplein

23 apr 2013 - 20:56

It Europaplein yn Ljouwert kin noch hieltyd net opknapt wurde. No't de advyskommisje Hûs en Hiem de plannen net goedkard hat sil de gemeenteried fan Ljouwert him der yn maaie wer oer bûge. Yn it slimste gefal giet it projekt fan 13 miljoen euro net troch, seit ferantwurdlik wethâlder Thea Koster. Dan soe Ljouwert miljoenen oan subsydzje misrinne. De oanpak fan it Europaplein hat al in soad opskuor feroarsake by de omwenners fan it plein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)