Bouwmeester en Postma tredde

Marit Bouwmeester © Thom Touw
Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma stean nei fiif races by it wrâldbekersilen yn Hyères beide op it tredde plak yn de tuskenstân. Marit is nei har sulveren Olympyske medalje foar it earst wer yn kompetysje. Se wûn yn har Laser Radial de fjirde wedstriid. Fierder waard se 3, 13, 5 en 16 (it ôflûkresultaat). Pieter-Jan waard begjin april al twadde by Majorka. Syn searje oant no ta yn Frankryk yn de Finn: 4, 12, 18 (ôflûker), 6 en 6. Lieders binne Tuula Tenkanen út Finlân yn de Laser Radial en de Sloveen Vasilij Zbogar yn de Finn.
Woansdei wurdt der foar it earst syld yn de goud- en sulverfloat. Dan begjinne de finaleraces dy't sneon ôfsletten wurde mei twa medaljeraces.