Amendemint oer grinskorreksje

23 apr 2013 - 19:00

Keamerlid Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie sil woansdei tegearre mei kollega Van Raak fan de SP in amendemint yntsjinje yn de Twadde Keamer om it beslút om Nijbrêge en Haskerdiken by in gemeentlike werdyndieling by Hearrenfean ûnder te bringen werom te draaien. As de gemeente Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân opgean yn de gemeente De Fryske Marren falle de twa doarpen dêr net ûnder. Dat ta grutte teloarstelling fan de ynwenners. Dy soene net genôch kâns krigen hawwe om harren beswieren kenber te meitsjen.

Neist de ChristenUnie en de SP binne ek oare fraksjes yn de Twadde Keamer kritysk oer it beslút om Nijbrêge en Haskerdiken by Hearrenfean ûnder bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)