Crone wol ferbettering plysje

23 apr 2013 - 17:35
  • Plysje-embleem

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert wol gau ferbetteringen sjen binnen de organisaasje fan de plysje Noard-Nederlân. Neffens him geane der noch tefolle saken net goed. Koartlyn mislearre in saneamde paraatheidstest fan de Mobile Ienheid yn Drinte troch problemen mei it alarmearingssysteem.

Moandei makke plysjefakbûn ACP de útkomst fan in enkête ûnder de Fryske, Drintske en Grinslanner plysje bekend. Bliken die dat plysjes gjin betrouwen hawwe yn ferbetterings dy't trochfierd binne nei oanlieding fan de 'Facebookrellen' yn Haren.

Crone makket him dêr soargen oer en wol dat de plysjelieding saken gau ferbetteret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)