Lokrop moat sweltsjes lûke

23 apr 2013 - 17:29

Yn de wenwyk De Swel op De Jouwer wurdt gebrûk makke fan in lûdsprekker om pearkes fan de hússwel te lokjen. Der stiet al trije jier lang in peal mei 30 nêsten deryn, mar it wachtsjen is noch hieltyd op it earste pearke.

It slagget mar net dat de swellen der yn briede wolle, dat dogge se mar wat graach ûnder de pannen fan de wenten yn de wyk. Mooglik witte se net fan it bestean fan de peal ôf en derom wurdt no besocht om de sweltsjes mei in lokrop nei de nêsten yn de peal te krijen.

Yn Frankryk wurket de lokrop goed en dêr wurdt no dus ek op De Jouwer gebrûk fan makke.

Trefwurden: 
sweltsjes lokrop peal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)