Damhart mei pylk deasketten

23 apr 2013 - 17:05
  • Damhart

It damhart mei in pylk troch de kop is moandeitejûn deasketten troch in jager by Ketlik. Dat hat it Fryske Gea bekend makke. Doe't de provinsje tastimming ferliende, kaam de syktocht nei it damhart yn in streamfersnelling.

De pylk is út de kop fan it bist helle en oan de plysje oerlange. It giet om in lange pylk dy't troch in hânbôge ôfsketten is. De plysje sil besykje om de dieder te pakken te krijen, want it giet om in misdriuw.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)