Hynders ynset tsjin pesten

23 apr 2013 - 16:29
  • Hynsteterapy tsjin pesten

Maneezje Japero yn Berltsum hat in nije foarm fan pestterapy ûntwikkele. Der wurde hynders foar ynsetten. Hynders wurde al langer brûkt foar trainingen yn kommunikaasje en teamfoarming, mar no binne se ûnderdiel fan in anty-pestprogramma foar skoallen.

Tiisdeitejûn is de earste byienkomst foar leararen. Ek learlingen kinne fan de groepsdynamyk fan in hiele kudde hynders leare. It is sa nij, dat der patint foar oanfrege is.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)