Fergees nei berne-opfang SKL

Berne-opfang SKL yn Ljouwert wol bern in jier lang fergees ûnderdak biede. Alden dy't hjirfoar yn oanmerking komme wolle meie net mear fertsjinje as 30.000 euro bruto yn it jier. Mei dizze aksje wol SKL de leechrin fan de berne-opfang keare.
Hieltyd mear âlden fine de profesjonele opfang te djoer en sykje nei in alternatyf by famylje. Neffens direkteur Marianne van Hall fan SKL docht út ûndersyk bliken dat bern dy't de berne-opfang besykje, sosjaler en tûker binne as bern dy't yn in gastgesin opfongen wurde.