Foar 2500 euro op Aris-shirt

23 apr 2013 - 13:36

Basketbalklup Aris siket in shirtsponsor foar de lêste wedstriden fan dit seizoen. Foar 2500 euro per wedstriid kin in bedriuw syn namme op it shirt fan Aris krije. As de Ljouwerter basketbalklup tiisdeitejûn wint fan Zwolle, dan is it wis fan de heale finale yn de striid om it Nederlânsk kampioenskip. Yn dy heale finale komt Aris dan wierskynlik út tsjin EiffelTowers út Den Bosch. Mooglik spilet Aris dan fiif wedstriden. Neffens manager Gert Schurer krijt Aris de kommende wiken mear omtinken yn de media.

Aris hat op dit stuit gjin haadsponsor en dus ek gjin sponsor op it shirt.

Trefwurden: 
Aris basketbal sponsor
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)