Sosjaal plan Prins fan tafel

23 apr 2013 - 08:49

It sosjaal plan foar it Dokkumer fangrailfabryk Prins is fan de baan. De meiwurkers gean net akkoart mei de eask fan de direksje dat se gjin juridyske stappen ûndernimme meie tsjin har ûntslach. Se hawwe it sosjaal plan dêrom moandei definityf ôfwiisd.

Begjin april waard der nei moannen fan aksjefieren in akkoart sletten. Dêryn waard ôfpraat dat de 34 wurknimmers seis moannesalarissen meikrije en 2000 euro foar it sykjen fan oar wurk. Dat is no fan tafel. It UWV moat no bepale as de ûntslaggen terjochte binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)