Imtech skrast 1300 banen

Imtech © Google Street View
Technysk tsjinstferliener Imtech skrast yn Nederlân 550 banen. Dat hat it bedriuw tiisdei bekend makke. Yn totaal ferdwine der by it konsern 1300 banen, benammen ek yn Dútslân.
Imtech meldt dat it in dreech fearnsjier hân hat. De reorganisaasje is neffens Imtech nedich om wat te dwaan tsjin de oanhâldende swakke merkomstannichheden en om de konkurrinsje by te bliuwen. Imtech hat yn Fryslân twa festigings yn Ljouwert. Hoefolle banen dêr ferdwine, is noch ûndúdlik.