Weropbou mûne begjint freed

23 apr 2013 - 07:13

Freed 26 april set de weropbou fan de mûne Windlust yn Boerum offisjeel útein. Boubedriuw Kolthof út Stiens tekenet dan de opdrachtbrief. Ek wurdt it bouboerd ûntbleate. Ferline jier op earste peaskedei baarnde de monumintale mûne Windlust hielendal ôf, neidat in groep jongeren âld papier ûnder de mûne yn 'e brân stutsen hie.

De brânfersekering hat ien miljoen euro útkeard en dat is genôch foar de weropbou fan de mûne. It is de bedoeling dat de Windlust septimber takom jier wer draait.

Trefwurden: 
mûne Boerum Windlust
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)