ACP: gjin betrouwen plysjetop

Plysjes yn Noard-Nederlân hawwe gjin betrouwen yn ferbetterings dy't trochfierd binne nei de Facebookrellen yn Haren. Dy konklúzje lûkt fakbûn ACP nei in enkête. Der is benammen gjin betrouwen yn de lieding. Dy wurdt loch neamd en net yn steat om yn de takomst by rellen as dy yn Haren goed op te treden.
It fakbûn fynt dat de lieding no alles op alles sette moat om it betrouwen te werstellen. Neffens de ACP wurdt der te min leard fan flaters út it ferline.