Soargen FNP oer De Potten

22 apr 2013 - 19:32

De FNP yn Súdwest-Fryslân makket him soargen oer plannen foar rekreaasjeterrein De Potten by de Snitsermar. Neffens de partij is der in ûndernimmer dy't yn it gebiet in kabelwetterskybaan oanlizze wol, mei as gefolch dat in grut part fan it terrein net mear frij tagonklik is. De FNP soe dat in ferkearde ûntwikkeling fine. De partij stelt der dêrom dizze wike fragen oer yn ien fan de kommisjegearkomsten fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)