Johannes op de L'Homo

22 apr 2013 - 18:25

The Voice of Holland-finalist Johannes Rypma stiet dit jier op de foarkant fan de L'Homo. Dat blêd wurdt makke troch de redaksje fan it tydskrift Linda. De fersy mei Johannes waard moandei presintearre yn Volendam, Johannes krige dêr it earste eksimplaar oanbean troch Linda de Mol. Sy is de inisjatyfnimster fan de Linda.

Neist dat Johannes Rypma op de foarkant stiet, binne der yn it blêd ek foto's fan him te sjen. Neffens de redaksje binne dy 'spraakmakend'.

Bekende Nederlanners as Tygo Gernandt, Arie Boomsma en Thijs Römer giene Johannes foar.

Trefwurden: 
Johannes Rypma L'Homo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)