Keningsliet wurdt dochs song

Willem-Alexander © ANP
It Keningsliet wurdt gewoan song op de jûn fan de ynhuldiging fan Willem-Alexander ta kening. Dat hat it Nationaal Comité Inhuldiging moandei bekend makke. Earder luts komponist John Ewbank it ferske werom, omdat der in soad krityk op wie. Benammen de tekst spruts in soad minsken net oan.
Ien fan de sjongers fan it liet is Syb van der Ploeg. Hy sei moandei bot skrokken te wêzen fan alle krityk. Hy doelde dêrby ûnder oare op de deadsbedrigings oan it adres fan de komponist.